
Baldrs Draumar
Friesische Musikgruppe ›Baldrs Draumar‹
Ynterfrysk liet
As in fûgel sa frij, as de wyn oer it lân
Oer see, oer de heide, oer ‘t it wiuwende koarn
Oer it grien fan de greiden, it wyt fan it sân
Flean op Friezen, frijfolk fan Fryslân
Wy sjonge fan Fryslân, wy dûnsje derby,
Fan it lân fan ús hert, dêr binne wy frij
Ferbûn troch dit liet, besibbe yn siel
Oersjongend de grinzen fan’t Fryske gehiel
Fan ús tongen rôlet in eat oare taal
Mar ús herten fertelle itselde ferhaal
Fan in folk dat libbet, nei inoar útskaaid
Salang as de wyn fan de wolken waait
Us herten bin rom, ús kime is klear
Wy skewiele inoar mar tsjinje gjin hear
Ljochtet de moarn, skrast wer de raaf
Binne wy altyd en ivich leaver dea as slaef